Drege baktearje yn sikehûs MCL

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL nimt maatregels tsjin in dreech te bestriden baktearje. De ARE-baktearje is fûn by 20 pasjinten op de ôfdielings sjirurzjy en de intensive care. Allinnich by hiel sike minsken kin er foar ynfeksjes soargje, mar it sikehus wol fersprieding dochs safolle mooglik tsjingean. De baktearje is ûngefoelich foar antibioatika.
Ferpleechkundigen en doktoaren sille no faker de hannen waskje en skjinne klean oandwaan.