Snits wint noardlike beker

28 maaie 2004 - 00:00

Snits is tongersdei de winner wurden fan 'e noardlike amateur-fuotbalbeker. Yn Nijskoat waard Harkemase Boys nei it nimmen fan strafskoppen ferslein. Nei de opskuor en fjochterij - bûten it fjild - op Himelfeartsdei yn Súdlaren moast der noch trije minuten spile wurde. Yn dy minuten waard net skoard en ek yn 'e ferlenging net.

Snits naam de strafskoppen better en wûn. Snits sil yn augustus foutbalje om de lanlike Amstel Cup yn Huizen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)