Justysje hâldt gemeente te koart

28 maaie 2004 - 00:00

Gemeentes moatte mear foech krije om fernielings en oar ûnakseptabel gedrach oan te pakken. Dat sei boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean op in gearkomste mei boargers oer 'hufterich gedrach'. De gemeente wol de fernielers wol oanpakke, mar fielt him dêrby behindere troch justysje. Dy is benaud om macht te ferliezen, sei De Jonge.

De boargers koene harren op de jûn útsprekke oer in iepen brief fan B en W oer tanimmend fandalisme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)