Gaswinning tsjin klimaatbelied

28 maaie 2004 - 00:00

Ekstra winning fan Waadgas is yn striid mei it klimaatbelied, dêr't Nederlân en Europa op ynsette foar nei 2012. Dat hat miljeuorganisaasje Greenpeace oan it kabinet en de Twadde Keamer witten litten. Gaswinning stimulearret it broeikaseffekt, sa fynt Greenpeace.

Greenpeace reagearret dêrmei op it advys fan 'e Kommisje-Meijer dy't foar de winning is. Los fan grûndaling fynt Greenpeace dat de kommisje foarbygiet oan 'e CO2-útstjit as dit gas ferbaarnt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)