Boskplaat baarnt noch altyd
De brânwacht op Skylge hat it noch hieltyd drok mei de Boskplaat. Twa wiken lyn ûntstie dêr brân, nei alle gedachten troch brânstichting.
De brân wie nei in pear dagen ûnder kontrôle, mar it fjoer is noch hieltyd net goed út. Ek de ôfrûne dagen hat de brânwacht noch nije brantsjes bestriden. Underwilens begjint it gers yn de ferbaarnde gebieten al wer te groeien.
Trefwurden:
argyf