Koart pleit gemeente-Van Booma

© Omrop Fryslân
Menameradiel hat tongersdei foar de rjochtbank de hege tagongsprizen foar swimbad Schatzenburg oanfochten. De gemeente wie earder eigner fan it swimbad. De nije eigner Van Booma freget dit seizoen 10 euro yntree.
Advokaten fan Van Booma besochten dúdlik te meitsjen dat dy priis oan de lege kant is. As it swimbad kostendekkend wurkje wol, moat in tagongskaartsje 12 euro kostje. De rjochter docht meikoarten útspraak.