KfK: 'advys Meijer oernimme'

27 maaie 2004 - 00:00

It kabinet moat de advizen fan de kommisje Meijer oer de takomst fan de Waadsee oernimme. Dat fine de Keamers fan Keaphannel fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân.

De kommisje Meijer stelt dat fan de opbringst fan de gaswinning achthûndert miljoen euro foar it Noarden en it Waadseegebiet wêze moat. Dat jild moat neffens de KfK nei de ekonomy fan de regio gean. It boarjen smyt ek wurk op, wat pleitet foar oername fan it advys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)