'Brêge' by A31 op dei Slachte

27 maaie 2004 - 00:00

Der komt dochs in 'brêge' oer de A31 by Hjerbeam op 12 juny, de dei fan de Slachtemaraton. De sabeare brêge bestiet út twa heechwurkers mei dêrtusken in grien stik doek.

Moannenlang hat de organisaasje dwaande west om 500.000 euro foar de echte brêge op it kleed te krijen. Der is in tekoart fan twa euroton. Mei help fan de sabeare brêge hopet de organisaasje de dielnimmers fan de Slachte oer te heljen in bydrage foar de bou te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)