Keunst oan PM-kanaal

© Omrop Fryslân
Oan it kanaal tusken De Lemmer en Delfsyl komme trettjin keunstwurken. It projekt hat te krijen mei it opknappen en útdjipjen fan it PM-kanaal. It wurk foar 'Woordenstroom' wurdt makke troch kombinaasjes fan keunstners en skriuwers. Dielnimmers binne ûnder oare Tsead Bruinja en Albertina Soepboer.
It projekt kostet 500.000 euro. Dat jild komt fan de provinsjes Grins en Fryslân en sponsors. De keunstwurken moatte yn de simmer fan 2006 klear wêze.