Koart pleit tsjin kreakers

26 maaie 2004 - 00:00

De kreakers fan it gebou oan de Minnemastrjitte yn Ljouwert moasten woansdei foar de rjochter ferskine. Der wie in koart pleit oanspand troch de stichting Stadsherstel, de eigner fan it gebou. Sy wolle de kreakers der fuortdaalk út ha.

Foar de sitting wie foar de rjochtbank in protestaksje fan de kreakers. De kreakers hienen gjin advokaat om't net ien har fertsjintwurdigje woe. De útspraak is oer in wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)