60 minsken litte TBC-test dwaan

26 maaie 2004 - 00:00

Likernôch 60 minsken ha oant no ta reagearre op in oprop fan de GGD Fryslân om har teste te litten op tuberkulose. De GGD rôp ferline wike mei in brief 100 minsken op foar de test.

It giet om minsken dy't yn sikehûs De Tjongerschans west ha en mooglik yn kontakt kaam binne mei in TBC-pasjint. De útslaggen fan de test wurde meikoarten bekend. GGD Fryslân is tefreden oer de opkomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)