Akkoart oer Philips Drachten

26 maaie 2004 - 00:00

De takomst fan Philips Drachten is foar de kommende jierren feilich steld. Fakbûnen, de direksje en de UR ha woansdeitemoarn nei lang ûnderhanneljen in akkoart berikt oer de takomst fan it skearapparatefabryk.

Yn it fabryk sil flink ynvestearre wurde. Ek wurdt opnij besjoen oft Philips yn Drachten bliuwe kin yn plak fan ferhúzje nei Sina. En der kinne 90 minsken mear oan it wurk bliuwe as earder ôfpraat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)