Boek oer jeugdprostitúsje

© Omrop Fryslân
Haachse politisi wite fierstente min fan jeugdprostitúsje ôf. Dat fynt de stifting 'Vrouwenopvang Fryslân'. Dêrom wurdt der freed oan de Twadde Keamerleden in boek oanbean mei ferhalen fan jonge prostituees.
De stifting wol dat de polityk mear docht oan de oanpak fan frouljushannelaren en saneamde loverboys. Dat binne faak Antillianen en Marokkanen dy't jonge famkes ta prostitúsje twinge.