Kollum krijt Hema-festiging

© Omrop Fryslân
Kollum krijt nei alle gedachten in festiging fan de Hema. Undernimmer Ale de Vries ûnderhannelet dêroer mei de gemeente Kollumerlân. De festiging komt yn it sintrum fan Kollum, yn in gebou dêr't ek al de Action sit.
Ut ûndersyk fan de ûndernimmer docht bliken dat der yn Kollum ferlet is fan in Hema. De ûndernimmersferiening sjocht de komst wol sitten. Ferwachte wurdt dat de winkel ek minsken fan bûten Kollum nei it doarp lûke sil.