Op besite by allochtoanen

26 maaie 2004 - 00:00

It Hearrenfean en Smellingerlân sille op besite by allochtoanen dy't al langer yn de gemeenten wenje. Dat dogge se om't de âldere allochtoanen te min gebrûk meitsje fan ynboargeringskursussen.

Yn de gemeente Hearrenfean giet it om 80 minsken, yn Smellingerlân om 40. De allochtoanen moatte oertsjûge wurde fan it nut fan ynboargeringskursussen. It Ryk jout gjin jild foar de besites. De provinsje jout goed 10.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)