Tsjûgen socht fan mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Drachten op Himelfeartsdei. Dat barde moarns betiid op de hoeke fan it Mûnein en de Alde Nearing. 4 jonges hiene op de Kaden rûzje krigen mei in man en in frou.
De jonges hiene wat sein oer de klean fan de frou en dêr waard har freon lilk oer. De jonges naaiden út. De man folge har yn in BMW Coupée en fleach har oan mei in stroom-stjitwapen. It giet om in blanke, slanke man fan 1,80 meter.