Anker:'TBS-er moat ferlof hâlde'

26 maaie 2004 - 00:00

TBS-ers dy't in sededelikt pleegd ha, moatte har proefferlof hâlde. Dat seit advokaat Hans Anker. Neffens him meitsje de measte TBS-ers gjin misbrûk fan har ferlof. CDA, PvdA en LPF yn de 2e Keamer wolle it proefferlof ôfskaffe.

De polityk komt mei dizze suggestje nei oanlieding fan de ûntfieringssaak yn Eibergen. In 13-jierrich famke waard ûntfierd en misbrûkt troch in TBS-er op proefferlof. Woansdei wurdt yn de 2e Keamer praat oer it TBS-systeem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)