Harke van der Meer ferstoarn

25 maaie 2004 - 00:00

Ald-direkteur Harke van der Meer (72) fan 'e Friese Pers is snein yn syn wenplak Ljouwert ferstoarn. Van der Meer wurke fan 1971 oant 1989 by de Friese Pers, de útjouwerij fan 'e Ljouwerter Krante. Yn dy tiid groeide de omset fan 'e útjouwerij fan 10 oant 90 miljoen gûne. Yn de tiid fan Van der Meer naam it bedriuw ferskate Fryske hús-oan-hús-blêden oer.

Van der Meer stie ek oan de widze fan de fúzje mei Hazewinkelpers yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)