Bysûndere Venusoergong te sjen

25 maaie 2004 - 00:00

In lytse sinnefertsjustering is tiisdei 8 juny te sjne. De planeet Venus skoot dan yn sa'n seis oeren foar de sinne lâns. Astronomen yn hiel Nederlân binne optein oer de Venusoergong om't it bysûnder is. Foar it lêst barde dat yn 1882. It bart pas yn it jier 2012 wer, mar dan is it yn Azië te sjen.

De Folksstjerrewacht yn Burgum fiert de Venusoergong mei in spesjaal brochje. Belangstellenden kinne fan sân oere ôf by de stjerrewacht de oergong besjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)