Te Mâl yn aksje tsjin Ljouwert

© Omrop Fryslân
Aksjegroep Te Mâl komt yn aksje tsjin it foarnimmen fan 'e gemeente Ljouwert om op te hâlden mei it stypjen fan 'e Fryske taal en kultuer. B en W fan Ljouwert wolle de post Fryske taal en kultuer fan 10.000 euro skrasse.
Troch dy maatregel wurde kursussen Frysk djoerder en wurde ek de Fryske Akademy en Liet troffen. Neffens Te Mâl is it skrassen fan de post Fryske taal en kultuer ek yn striid mei it Hânfêst foar Minderheidstalen.