Doarp moat rolstoelfreonliker

24 maaie 2004 - 00:00

Beetstersweach is rolstoelûnfreonlik, sizze handikapten fan sintrum Lyndensteyn. De stoepen binne te heech en der sitte grutte gatten yn 'e diken, fine se. En dat by it grutste revalidaasjesintrum fan Fryslân.

Op útnoeging fan twa handikapten teste boargemaster Heldoorn moandei it sintrum, yn in rolstoel. Nei ôfrin fan syn ynspeksje op tsjillen wie hy it wol iens mei de klachten. Hy hat tasein dat stoepen en diken ferbettere wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)