'Taksy's krije it dreger'

© Omrop Fryslân
Taksybedriuwen yn Fryslân sille it dreech krije. Dat komt trochdat in behoarlik part fan it taksyferfier nei 1 juny út it sikefûns falt.
Dat seit direkteur Wolters fan de taksysintrales Burgum en Drachten. It sikeferfier sil troch de besuniging seker mei de helte weromrinne, sa ferwachtet hy. Wolters set dêrom in pendeltsjinst op nei in grut ferskaat oan sikehuzen. Minsken reizgje dêrby tsjin in redusearre taryf.