Aksje tsjin Noordned-direkteur

24 maaie 2004 - 00:00

It trein- en busferfier fan Noordned yn Fryslân hat moandeimiddei sa'n oardel oere plat lein. De ûndernimmingsried fan Noordned hie de 350 wurknimmers fan it bedriuw oproppen om in grut wurkoerlis yn Ljouwert by te wenjen. Dêr kamen sa'n twahûndert man op ôf.

Oanlieding foar de gearkomste wie de ûnrest binnen Noordned oer ûntslaggen en de direkteur. It personiel easket no dat direkteur Braam foar tiisdei opstapt, oars folgje oare wike stakings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)