Harkemase Boys wol maatregels

24 maaie 2004 - 00:00

It bestjoer fan fuotbalclub Harkemase Boys tinkt nei oer maatregels om alkoholmisbrúk ûnder de supporters yn te dammen. Oanlieding is de fjochterij fan ôfrûne tongersdei tusken supporters fan Harkemase Boys en oanhingers fan WKE, by de bekerfinale yn Súdlaren.

By de slaandery wie drank yn it spul. Der rekken in pear minsken ferwûne en de wedstriid waard staakt. De tuchtkommisje fan it fuotbalbûn KNVB tinkt nei oer sanksjes tsjin de klubs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)