Soad oarders foar De Volharding

23 maaie 2004 - 00:00

De Volharding Groep hat foar 225 miljoen euro oan oarders binnenhelle. Ien fan dy opdrachten is in folslein nij te bouwen skip by de werf fan De Volharding yn Harns. Dat betsjut dat der wis foar de kommende twa jier wurk is foar de meiwurkers dêr. Direkteur Bodewes tinkt lykwols dat dit net genôch is om de reparaasjeôfdieling fan de werf yn Harns te rêden.

Yn jannewaris waard bekend dat op dy ôfdieling 35 fan 'e 70 banen ferdwine.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)