Nije CD Harmonie Dockum

© Omrop Fryslân
"Dokkum is net allinnich bekend wurden troch Bonifatius en Beerenburch, mar ek troch de muzyk fan 'e Stedelijke Harmonie Dockum." Dat stiet yn it hoeske fan 'e CD 'Concerto d'Amore' fan de Stedelike Harmonie, dy't snein presintearre waard yn 'e Dokkumer Grutte Tsjerke. Mei de CD fiert de Harmonie it 130-jierrich jubileum.
Op de CD stiet útienrinnende muzyk, fan Brassband-muzyk oant it Dockumer Lokaaltsje.