Drok wykein reddingboaten L'each

23 maaie 2004 - 00:00

It reddingstasjon Lauwerseach fan 'e KNRM wie sneontemiddei tige drok. Tusken 13.00 en 15.30 oere middeis moasten de reddingboaten Annie Jacoba Visser en de Steur help biede oan acht minsken. Seis sylboaten wiene oan leger wâl rekke en koene dêr net mear op eigen krêft weikomme. Ien siler wie ûnderkuolle rekke.

Fierder wie in surfer sa wurch rekke, dat hy net mear by machte wie om op syn eigen planke te klimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)