Achmeatoer net iepen foar publyk

© Omrop Fryslân
De VVV fan Ljouwert rekkent der op dat der de kommende simmer noch gjin ekskurzjes hâlden wurde kinne nei it panoramadek boppe op de Achmeatoer. Sûnt der begjin dit jier ruten sprongen binne, is dy ferdjipping ôfsletten foar it publyk. It ûndersyk hoe't dy ruten krekt springe koene rint noch. Oant dy tiid kin Ljouwert allinnich fan 'e folle legere Aldehou ôf de stêd besjen.
Soks is spitich foar de VVV, dy't har winkel ûnder yn de toer hat.