Dútse bunker yn Kazemattemuseum

23 maaie 2004 - 00:00

Dútse toeristen kinne tenei yn it kazemattemuseum op Koarnwertersân yn eigen taal lêze wat dêr yn 'e maaidagen fan 1940 krekt bard is. It museum hat ien fan 'e bunkers yn it Dútsk ynrjochte. De Dútse bunker waard dit wykein iepene. It museum op 'e kop fan de Ofslútdyk is dêrmei ien fan 'e earsten dy't gasten sa temjitte komt.

Neffens konservator Van den Berg wolle in soad toeristen graach witte wat yn maaie 1940 bard is op 'e Ofslútdyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)