Trio Dijkstra wint Easterbierrum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Johannes Dijkstra (Huzum), Herman Sprik (Wytmarsum) en Arie den Breejen (Arum) hat sneontemiddei wûn fan it partoer René Janse (Grins), Eppie Weidenaar (Kollum) en Simke Altenburg (Reahûs).
Dizze manljus earsteklasse frije formaasjepartij waard ferkeatst yn Easterbierrum. It trio Dijkstra wûn de finale mei 5-4 en 6-4. De tredde priis wie foar it partoer Rodenhuis.