20 minsken by stille tocht

22 maaie 2004 - 00:00

Foar in stille tocht yn Drachten wie sneontemiddei kwalik belangstelling. De tocht waard organisearre as protest tsjin de oarloch yn Irak. Oanlieding foar de tocht wie de dea fan sersjant Dave Steensma fan Frjentsjer.

Steensma wie it earste Nederlânske slachtoffer yn Irak. Hy kaam op 10 maaie by in patrûlje om it libben. Oan de tocht diene likernôch tweintich minsken mei. De tocht fierde nei it oarlochsmonumint yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)