550 Oldtimers op Alvestêdetocht

© Omrop Fryslân
Mear as 550 âlde auto's en motors lykas Bianchi's, Henderson's, Ford's, Jawa's, Peugeot's en Buick's fan foar 1950 ride sneon al wer foar de njoggentjinde kear de alve stêden bylâns. It evenemint begûn destiids mei noch gjin hûndert auto's en is no de grutste oldtimerrally op ien dei fan Europa.
Leafhawwers fan oalje- en bensinedampen kinne har hert ophelje. In soad bestjoerders en passazjiers hawwe ek de klean oanpast oan de âlde tiden.