Jonges oanholden foar kampfjoer

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach binne sneontejûn fjouwer jonges oanholden om't se in kampfjoer makke hiene by de kemping. It fjoer waard sjoen troch de fjoerwachter dy't gau de plysje belle. It gie om minderjierrige jonges út de stêd Grins.
De plysje is ekstra alert op fjoerkes om't der troch de oanhâldende droechte grut gefaar is foar brân yn natuergebieten. Op Skylge baarnde foarige wike noch 75 hektare natuergebiet op de Boschplaat ôf.