Trio Bouwma wint yn Easterein

© Omrop Fryslân
By it haadklassekeatsen yn Easterein gie de winst freed nei it partoer Jochum Bouwma, Kor Zittema en Taeke Triemstra. Sy wûnen yn in spannende finale mei 5-4 en 6-6 fan it trio Rutmer van der Meer, André Kuipers en Chris Wassenaar.
De tredde priis wie foar it trio Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Auke van der Graaf. Sy krigen yn de heale finale mar ien spul tsjin fan it partoer Van der Meer.