Frachtwein om, Wâldwei ôfsletten

© Omrop Fryslân
De Wâldwei hat fan freedtejûn oant sneontemoarn 4 oere ôfsletten west fanwege in kantele frachtauto mei kofjemolke. Op de dyk by de Foanejacht- brêge wie it in grutte ravaazje. De bestjoerder wie útnaaid. De jûns is noch mei in helikopter nei him socht.
Tsjin 4 oere sneontemoarns kaam in melding fan de Wegenwacht dat se de man tusken Warten en Wergea oppikt hiene. De plysje hat de 50-jierrige man letter thús yn Ousterhaule prosesferbaal jûn.