Frou (72) oerfallen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In frou fan 72 jier is freedtemoarn betiid oerfallen yn har wenning oan de Nijlânsdyk yn Ljouwert. By de frou waard oanbelle. Doe't se de doar iependie, kaam der in man yn. Dy treau har op de grûn.
De frou begûn te razen. De man naaide dêrnei út op 'e fyts. De plysje besiket út te finen wa't de oerfaller wie. It giet om in man fan likernôch 1 meter 70 lang, mei in donkere hûd, koart hier en mei in reade jas oan.