Antwurden Frysk net on-line

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Dockinga Kolleezje binne teloarsteld oer it net publisearjen fan 'e antwurden fan it eksamen Frysk op ynternet. Dat bart nammentlik by alle oare fakken wol. Trije learlingen ha in klacht yntsjinne by it Ministearje fan Underwiis. Se krigen te hearren dat it Frysk in 'te lytse taal' wêze soe.
It CITO set de antwurden op ynternet, mar neffens in wurdfierder hie it CITO de gegevens fan it eksamen Frysk net. It CITO hie dy gegevens, neffens deselde wurdfierder, krije moatten fan 'e provinsje Fryslân.