Gjin yllegale reklame by Slachte
De organisaasje fan de Slachtemaraton sil strang optrede tsjin bedriuwen dy't reklame meitsje of fergees saken útdiele oan kuierders as se gjin fergunning ha. By de earste edysje fan de Slachte yn 2000 waard troch in bedriuw fergees blikjes drinken útdield.
By de Slachte wurde gjin kommersjele uterings tastien, útsein dy fan de eigen sponsors. De dykmasters sille op sneon 12 juny strang tafersjoch hâlde op 'yllegale' sponsoring.
Trefwurden:
argyf