'Kopstjit oanlieding opskuor'

© Omrop Fryslân
De fjochtpartij tusken supporters fan Harkemase Boys en WKE út Emmen is begûn mei in kopstjit. Dy waard útdield oan in jeugdbestjoerslid fan de Boys. Dat seit bestjoerslid Yde Prins fan de Boys. De ûngeregeldheden fûnen plak op it parkearterrein fan it fuotbalfjild yn Súdlaren, dêr't de bekerfinale Snits-Harkemase Boys spile waard.
Trije Harkema-supporters soene oanjefte dien ha fan mishanneling. Ien ferwûne is ôffierd mei de ambulanse.