Teologen by NK skaken
Hûndert teologen nimme it tsjin inoar op by it Nederlânsk Kampioenskip Skaken yn Ljouwert. Dat wurdt fan moandei 28 juny oant sneon 10 july hâlden yn de Grutte Tsjerke.
Eartiids waard it skaakspul ferbean troch teologen. No wurdt der sels skaakt yn in tsjerke. Organisator Faber út Ljouwert wol besykje biskop Eijk út Grins ek safier te krijen dat er meidocht.