Swarthannel yn 'Slachte'-kaarten

20 maaie 2004 - 00:00

De organisaasje fan de Slachtemaraton fynt it net goed dat der swarte hannel ûntstiet yn kaarten. Op ynternet wurde op dit stuit kaarten oanbean en frege.

Op de eigen site fan de Slachtemaraton meie allinnich kaarten oanbean wurde foar de kostpriis fan 20 euro. Mar op guon oare sites wurdt soms al 50 euro foar in kaart frege. As bliken docht dat kaarten opkocht binne troch hannelers, wurde in folgjende tocht mooglik de kaarten op namme ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)