Cambuur oefenet mei nije spits

20 maaie 2004 - 00:00

Cambuur hat woansdei in oefenwedstriid tsjin in seleksje út Noardeast-Fryslân mei 13-0 wûn. Seis goals waarden makke troch Daniël_Loeketa fan Sweedsk- Joegoslavyske komôf. De 20-jierrige spits spilet no noch yn de tredde divyzje yn it eardere Joegoslavië en is twa wike op proef by Cambuur.

De kontrakten fan Ibad Muhammedu en Henry Bakker wurde net ferlingd. Muhammedu kaam fan FC_Twente en Bakker fan haadklasser Omniworld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)