Klompe medysk goedkeurd by RKC

19 maaie 2004 - 00:00

Tieme_Klompe giet definityf nei RKC Waalwijk. De fuotballer krige by SC_Hearrenfean gjin nij kontrakt. Hy hat no in kontrakt foar ien jier tekene mei in opsje fan noch twa jier by de klub út Waalwijk.

Klompe hie earder al ûnderhannele mei RKC. De klup fan trainer Erwin_Koeman woe wachtsje op de útkomst fan in medyske keuring, om´t Klompe de lêste jierren faak blessearre west hat. Der kamen gjin problemen foar it ljocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)