Provinsje hâldt 9,5 miljoen oer

19 maaie 2004 - 00:00

De provinsje hat yn it jier 2003 in bedrach fan 9,5 miljoen euro oerhâlden op de jierrekken. Dat hat deputearre Jan Ploeg woansdei bekend makke yn it provinsjehûs. It oerstallige bedrach komt ûnder mear út dividind fan Nuon-oandielen.

De 9,5 miljoen euro is foar in part oan oare projekten fersein. Deputearre Ploeg is optimistysk oer de finânsjes fan de provinsje. Hy fynt wol it reservebedrach fan 190 miljoen te heech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)