Nije service-organisaasje Nynke

© Omrop Fryslân
Strike, de boadskippen dwaan, lytse reparaasjes of ferfier nei famylje. Om te soargjen dat âlderen langer thús wenje bliuwe kinne, wurde dit soarte putsjes tenei dien troch ien grutte service-organisaasje yn Fryslân: Nynke.
In idee fan soarchgroep Noorderbreedte dy't gearwurkje sil mei serviceklub Te Plak. Under it biedwurd 'dúdlik en persoanlik' sil Nynke tegearre mei Te Plak sa'n 10.000 âlderen helpe mei putsjes.