Hegere opkomst stimme Wetterskip

© Omrop Fryslân
De opkomst by de ferkiezings foar in nij bestjoer fan Wetterskip Fryslân liket op goed 25 persint út te kommen. Dat is mear as in ferdûbeling fan it opkomstsifer fan de lêste wetterskipsferkiezings yn 1997.
Yn dat jier brocht 11 persint fan alle lju mei stimrjocht úteinliks har stim út. Boargers ha noch twa dagen de tiid om har stimbiljet yn te stjoeren. De útslach fan de ferkiezings wurdt nije wike ferwachte.