Alde dravers by Slachtemaraton

19 maaie 2004 - 00:00

De Slachtemaraton lûkt oer it generaal âlde hurdrinners. De 1150 dravers dy't har oant no ta opjûn ha, binne yn trochsneed 44 jier. De âldste draver is 70 jier. De ynskriuwtermyn foar de wedstriid stiet noch twa wike iepen. Mear as de helte fan 'e maratonrinners hat him op ynternet ynskreaun. Der dogge fjirtjin bûtenlanners mei.

Meifytse mei dielnimmers oan de maraton is strang ferbean. De organisaasje kontrolearret der op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)