100 Fryske hofkers nei Bunnik

© Omrop Fryslân
Hofkers komme woansdei by inoar foar in lanlike aksjedei yn Bunnik. Ek in lytse hûndert Friezen binne dêrby. It skeel giet oer foarstellen foar in nije cao. In ultimatum fan de fakbûnen foar bettere ôfspraken is ferrûn.
De hofkers binne benammen lilk oer de nije simmerregeling. De wurkjouwers wolle dat der simmerdeis tolve oeren lang wurke wurdt en wykeins sûnder ekstra taslach. Dy oer-oeren moatte dan winterdeis kompinsearre wurde.