Frou mishannele yn Ljouwert

19 maaie 2004 - 00:00

In frou (43) út Ljouwert is tiisdei slim mishannele. Se siet op in bankje yn har wenplak doe't twa jonges fan in jier of 17 har de boskjes ynsleepten. De jonges sloegen har yn it gesicht en naaiden mei har fyts út. De frou is nei it sikehûs oerbrocht.

It is net dúdlik wat der krekt bard is. De plysje hat noch gjin ferklearring fan de frou opnimme kinnen. Plysje en technyske resjerzje dogge neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)