Kreakers oanhâlden yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdeitejûn yn de Ferdinand Bolstrjitte yn Ljouwert fjouwer kreakers oanhâlden. De fjouwer hiene in leechsteande skoalle kreake. De plysje seach dat en besleat yn oerlis mei de offisier fan Justysje de fjouwer oan te hâlden.
It giet om jongeren út Ljouwert, Stiens en De Westerein. In fyfde kreaker wie útnaaid. Yn it gebou waard ek kreakers-ark yn beslach naam.